Ofwaaide tûken troch hurde wyn

03 jun 2001 - 00:00

Troch it rûzige waar op Pinkstersnein en yn de foarôfgeande nacht binne in tal tûken fan de beammen ôfwaaid. It ferkear kin lêst ûnderfine fan de tûken op strjitten en diken. Der binne ek in tal beammen omwaaid.

Neffens de plysje ha de tûken en beammen net foar gefaarlike sitewaasjes soarge. Yn Beetstersweach binne in pear auto's skansearre troch ôfwaaid tûkeguod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)