Drachtster Boys poer op bestjoer

© Omrop Fryslân
'It bestjoer kin om my yn 'e stront sakje', sei oanfierder Ype Jansma fan Drachtster Boys sneon nei de wedstriid tsjin Snits. De Drachtsters behellen mei in 3-2 oerwinning de beker fan it noardlike distrikt.
De spilers binne lilk om't de wedstriid op 'e Harkema spile wurde moast. Se fiele harren dêr net feilich fanwege in in konflikt mei de Harkemasters.