Winst foar partuer Berltsum

02 jun 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Berltsum makke sneon de favoriterol foar de Jong Nederlân Partij wier. Yn 'e finale wûnen se fan Easterlittens. Pieter-Otte Kingma, Bauke van der Graaf en Marten Feenstra walsten mei 5-0 en 6-0 oer de tsjinstanners hinne.

It wie de sânde kear dat in partuer út Berltsum yn 'e prizen foel by de Jong Nederlân Partij.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)