Autoleaze sneon ter diskusje
Boargemaster en wethâlders fan It Hearrenfean sjogge neat yn de autoleaze sneon op 22 septimber. It kolleezje wol al ûndersykje oft der genôch jild is om takom jier mei te dwaan.
Boppedat wolle B en W witte oft de befolking achter it inisjatyf stiet. De kommisje Romtlike Oardening en Miljeu moat noch in advys jaan oer de temadei.