Waadrinnen op den duer ûnmooglik

© Omrop Fryslân
Oer twahûndert jier is it dien mei it Waadrinnen nei It Amelân. It Wetterkundich Laboratoarium yn Delft tinkt dat it Waadgebiet bot feroarje sil. It wurdt in lagune mei hjir en dêr in sânplaat.
Omrop Fryslân Televyzje jout snein omtinken oan deselde saak. Kollegawittenskippers fan de manlju út Delft litte harren ljocht skine oer de takomst fan it Waadgebiet. Nederlân 1, 13.30 oere.