Oare oanpak jeugdkriminaliteit

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje wol de Marokkaanske jeugdkriminaliteit yn Ljouwert oanpakke. Yn 'e mande mei de gemeente sil in allochtoane meiwurker ynset wurde, dy't mear ynsjoch krije moat yn it gedrach fan dizze probleemgroep.
Benammen yn it drugssirkwy wurde hieltyd mear Marokkaanske jongeren sinjalearre. Plannen om dy problematyk oan te pakken, rûnen doe op neat út.