Radiospot mei Anneke Douma
De gemeente Dongeradiel set in radiospotsje mei Anneke Douma yn om wer besikers nei Noardeast-Fryslân te lûken. Nei de tongblierkrisis wol men dúdlik meitsje dat it publyk wer wolkom is. Tongersdei is mei de produksje fan de spot úteinset.
Sjongeres Anneke Douma is frege om mei te wurkjen omdat se in geskikte stim hat en omdat se sels út de streek komt.