Mear aksjes yn de soarchsektor

© Omrop Fryslân
De soarchgroep Noorderbreedte en de fakbûnen binne it noch net iens oer de CAO. It bestjoer hat woansdei nochris dúdlik makke dat der net mear ynsit as it bod wat der al leit. De fakbûnen en it personiel fine dit te min.
Ek de brief wêryn it personiel fersocht waard te stopjen mei aksjefieren is bepraat. Tongersdei binne by it MCL yn Ljouwert mear as 12 ôfdielings sluten.