Bysûnder iepenloftspul Marsum
De Marsumer toanielferiening Oefening kweekt kunst sil ein juny har 100-jierrich bestean fiere mei in bysûnder iepenloftspul. Sintraal dêryn stiet Henricus Popta. Hy wie bewenner fan it ferneamde Popta-slot.
Oan it iepenloftspul dogge santich minsken mei. It wurdt spile op fjouwer lokaasjes yn it doarp: de tsjerke, de buorren, it gasthús en it slotplein.