'Deputearre Mulder is útblust'

© Omrop Fryslân
Deputearre Mulder is útblust, sa seit steatelid Lolke Folkertsma. De FNP'er wynt him op oer it provinsjale miljeuplan. Dêr komt te min fan op 'e hispel en der wurdt te folle praat, seit er.
De steateleden fan 'e VVD nimme it op foar PvdA'er Mulder. It is net Mulder syn skuld, mar it plan is te ambisjeus neffens de liberalen. Mulder woe sels net op 'e útspraak reagearje.