Fermiste Dútser is telâne

31 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De fermiste Dútse wettersporter is wer terjochte. De ynwenner fan München hat himsels by de plysje yn Ljouwert meld.

De man wie moandei nei in kafeebesyk mei in tal maten net weromkommen op de boat. De plysje gie derfan út dat er slachtoffer fan in misdriuw wurden wie. Hysels ferklearre dat er troch de drank in skoft 'ûnder wetter' west hat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)