Tegeltsjebrêge is hast klear

30 maaie 2001 - 00:00

De Alvestêdebrêge by Gytsjerk begjint der op te lykjen. De keunstners Maree Blok en Bas Lugthart kamen mei it idee om foto's fan Alvestêdetochtriders, ûnder har ek prins Willem-Alexander, op tegeltsjes te setten.

Dizze wike plakt Andries Planting fan in tegelsetbedriuw op De Lemmer de lêste tegeltsjes. Om nijsgjirrige fytsers te kearen is de brêge noch ynpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)