Wol aksje by MCL, gjin oerlêst

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter MCL-sikehûs docht alle war om swierrichheden by de stakingsaksjes tongersdei tefoaren te kommen. It personiel by de ôfdielingen radiology, nukleêre genêskunde en it polyklinysk laboratoarium fiert aksje.
Der jildt ek in opnamestop foar hast alle operaasjes. De ôfspraak is dat de pasjinten net folle lêst ûnderfine meie. Se toane begryp foar de sitewaasje.