Jeie mei wer

© Omrop Fryslân
Steatssekretaris Faber fan Natuerbehear hat it tydlik ferbod op 'e jacht ynlutsen. Dat ferbod waard twa moanne lyn ynsteld om it fersprieden fan tongblier te foarkommen. Om't dy feesykte no net yn it lân foarkomt fynt Faber it net nedich om it ferbod te hanthavenjen.
Boppedat is it opheffen fan it ferbod neffens har yn it belang fan it behear fan it wyld en de bestriding fan skea.