Bank keapet ynvestearders út

29 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Friesland Bank keapet alle partikuliere ynvestearders yn it Adverium yn Drachten út. Dat bart per 1 oktober om't it rendemint ôffalt. Mei goed seis prosint is it rendemint te leech.

De bank tinkt dat mei lytse oanpassingen it projekt op 'en lange doer wol winst opsmyt en hat fertrouwen yn de takomst. Yn it Adverium sitte bedriuwen dy't te krijen hawwe mei duorsum bouwe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)