Mobile strânhúskes nei Flylân

28 maaie 2001 - 00:00

Flylân krijt mobile strânhúskes. Moandei sette it transport fan de earste trije ôf nei it eilân. De húskes binne folslein oan de omkriten oanpast en sille allinnich yn de simmer op it strân stean.

As de húskes goed foldogge komme der tweintich op Flylân. Ek op oare eilannen binne der plannen om de strânwenten, dy't in ton it stik kostje, te pleatsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)