Man delstutsen yn Hearrenfean

28 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In 29-jierrige man út Hearrenfean is moandeitemoarn betiid yn syn wenplak delstutsen. Hy waard op de Coehoorn van Scheltingawei fûn mei stekwûnen yn de rêch en it boarst.

De man is yntusken bûten libbensgefaar, mar de plysje hat noch net mei him prate kind. De plysje hat fiif resjersjeurs op de saak set. Moandei hat der in buertûndersyk west. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)