Faber Haarden ferlit Ljouwert
Faber Haarden hat moandei syn nije festiging iepene op it yndustryterrein op It Hearrenfean. By it bedriuw wurkje 55 minsken. It famyljebedriuw Faber wie sûnt 1920 festige yn Ljouwert, dat dêrmei dan ek in begryp kwytrekket.
Yn 1996 rekke Faber syn selsstannigens kwyt mei de ferkeap oan Atag. Troch it fallysemint fan Atag is Faber foarich jier oernaam troch Glendimplex.