Achlumer tsjerke te keap

© Omrop Fryslân
De grifformearde tsjerke fan Achlum wurdt ferkocht. De gemeente is al in pear jier 'Samen op weg' mei de herfoarme tsjerke fan Achlum en Hitzum en hat dêrom 3 gebouwen ta syn foldwaan.
De kar foar de grifformearde tsjerke is makke om't de oare beide tsjerken monuminten binne. Troch de opbringst kin de dominy betelle wurde dy't mei de herfoarme gemeente brûkt wurdt.