Ynternet foar Suwâld

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Suwâld ha dan wol gjin supermerk mear, se kinne wol ynternette. Yn it doarpshûs is dizze wike in ynternetprojekt begûn. It is foaral bedoeld foar fyftichplussers dy't noch gjin ûnderfining mei de digitale wrâld hawwe.
De gemeente Tytsjerksteradiel stelde subsydzje en in tal kompjûters beskikber. Mooglik kinne de brûkers aansens fia it net har boadskippen bestelle.