Koart plysjenijs

25 maaie 2001 - 00:00

Der hat tongersdeitenacht brân west yn in leechsteande pleats oan de Algerabuorren yn Warkum. De plysje is begûn mei blussen en de brânwacht hat it fjoer fierder útmakke. De plysje slút brânstifting net út.

Op it begraafplak fan de Herfoarme tsjerke yn Tsjom binne dizze wike sân grêfstiennen fernield. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)