Bewenners Oerterp tsjin sloop

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân wol graach fiif wenten, in mûne en in âlde smederij oan de Mûneleane yn Oerterp slope. De stifting Behâld Ald-Oerterp is it dêr net mei iens. It giet om wenningen dy't net op de monumintelist stean.
Op it plak moatte kantoarromtes komme. De ynwenners fan it doarp ha no in brief mei akseptgiro fan de stifting krigen. Mei it jild moat alles behâlden bliuwe.