Kessens kwyt yn it MCL
It MCL yn Ljouwert hat te min kessens. It sikehûs rekket de hollekessens kwyt, sa docht bliken. Mooglik komme se nei it waskjen net werom op de ôfdielingen yn it sikehûs. Soms wurde de kessens ek gewoan fuortsmiten.
Der binne 250 nije eksimplaren besteld. It personiel wurdt frege tenei ekstra om de kessens te tinken.