Molukse aktivist frijlitten

24 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Leo Reawaruw is woansdeitejûn frijlitten. De Molukse aktivist út Harns siet trije wiken yn in Amsterdamske finzenis. Hy waard fertocht fan brânstifting en lidmaatskip fan in kriminele organisaasje. De rjochtbank fûn de oanklacht te min om him langer fêst te hâlden.

Neffens de BVD is Reawaruw it iennichste lid fan syn aksjegroepen lykas Maluku Warchild en People Against Genocide.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)