Russyske minderheden lid FUEN

24 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Russyske minderheden yn Estlân, Letlân en Oekraïne binne lid wurden fan FUEN. Dat is in organisaasje foar Europeeske minderheden, lykas it Frysk. De FUEN hat har jierlikse kongres op It Hearrenfean.

Der binne 200 fertsjintwurdigers út 30 minderheden oanwêzich. De FUEN is de iennichste organisaasje dêr't minderheden út East- en Westeuropa mei elkoar wurkje. It kongres duorret oant snein.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)