Workshop John Lanting by Tryater

23 maaie 2001 - 00:00

De akteurs fan Tryater krije trije dagen les fan John Lanting, de man fan Theater van de Lach. De spiler en regisseur is frege de workshop te fersoargjen mei it each op de earste produksje fan it Fryske selskip yn it nije seizoen.

Tryater iepenet mei 'Wat in teater!', in humoristyske foarstelling. In gastrol wurdt spile troch Johnny Kraaijkamp jr. It stik komt yn it nije Tryatergebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)