Stoofde moksels mei blaukoppen

© Omrop Fryslân
Meitsje in orizjineel gerjocht mei blaukoppen, oftewol asperzjes. Dat wie de opdracht dy't 75 learlingen fan it Friesland College krigen. It moast boppedat yn in oere klear wêze. De learlingen koenen de FC Hoarekabokaal winne.
De wedstriid wurdt dit jier foar it earst hâlden. De oplieding fynt it wichtich it wedstriidgefoel te ûntwikkeljen. It resept mei stoofde moksels hat wûn.