Nij folchskip hjit Brinksma

22 maaie 2001 - 00:00

It nije folchskip fan it Hearrenfeanster skûtsje is tiisdei yn gebrûk nommen. Dat wie yn Snits. It skip hat de namme 'Alex Brinksma' krige. Brinksma sels ûntbleate it nammebuordsje.

Brinksma wie ferstuivere doe't er syn namme op it folchskip stean seach. Ferline jier hie er spul mei de SKS oer de orizjinaliteit fan de skûtsjes. De SKS wol him no ta earefoarsitter meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)