Snie yn Ferwert

22 maaie 2001 - 00:00

De waarsfoarútsichten yn Fryslân lykje geunstig, op Ferwert nei. Dêr leit op dit stuit snie, dochs wol fan keunst. Dit hat te krijen mei de opname fan in reklamefilmke oer de bestriding fan glêdens. Twa kameraploechen út Frankryk en België binne dwaande mei dizze kommersjal.

De snie wurdt kâld hâlden troch in spesjale termotinte. In djoere operaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)