Noch ûndúdlikens by boeren

21 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Sûnt freed is it gebiet Ie/Eanjum offisjeel tongblierfrij. Foar de boeren yn it gebiet in hiele opluchting, mar der is lykwols ek noch in soad ûndúdlikens.

Der jilde yn it gebiet noch altiten in tal maatregels en boeren witte net rjocht wêr't se oan ta binne. Sa moat de RVV noch tastimming jaan om fee mei in feekarre ferfiere te meien.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)