Pleit foar maatregels Trekwei

21 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Dantumadiel wol dat der no gau wat dien wurdt om de trekwei tusken Dokkum en Kollum feiliger te meitsjen. Sneon ûntsnapten twa minsken dêr mar krekt oan de dea.

In echtpear út Wildervank moast sneon op de trekwei útwike foar in tsjinlizzer. Dêrby rekke har auto op de kop yn de feart. De Driesumer Tinus Bouius wist se allebeide út har auto te heljen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)