Kraan fallen op skipswerf
By skipshelling Bijlsma op 'e Lemmer is sneon in hingjende kraan nei ûnderen fallen. Dêrby is seker foar in miljoen gûne skea ûntstien. In part fan it bedriuw leit dizze wike stil.
Oan de kraan hong in skipsseksje dy't boppe op in tal skipslûken telâne kaam. Ek waard in oare kraan fernield. By it ûngemak binne gjin minsken ferwûne rekke.