Frou Veldstra-Bloemhof wurdt 104

21 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Frou Veldstra-Bloemhof út Aldtsjerk is hjoed 104 jier wurden en is dêrmei op it stuit de âldste ynwenner fan Tytsjerksteradiel.

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel sil har fannemiddei út namme fan it gemeentebestjoer lokwinskje. Frou Veldstra wennet al goed 80 jier yn Aldtsjerk en waard berne yn Burgum. Se wennet noch selsstannich.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)