Fee foar tongblierboeren

© Omrop Fryslân
Yn Wjelsryp is de aksjegroep 'Vee voor MKZ-boeren' oprjochte. It komitee hat as doel dupearre boeren fee oan te bieden. Boere-organisaasje LTO stipet de aksje.
De inisjatyfnimmers roppe boeren yn it hiele lân op bisten beskikber te stellen al dan net fergees. Fia in databank wurde fraach en oanbod opinoar ôfstimd. In tal boeren by Ie/Eanjum binne romme, mar Fryslân is sûnt freed tongblierfrij.