Snits bliuwt haadklasser

20 maaie 2001 - 00:00

Snits hat snein syn plakje yn 'e fuotbalhaadklasse feilichsteld. Yn Emmen waard it 2-2 tsjin SVBO. By de rêst seagen de Friezen noch tsjin in 2-0 achterstân oan, mar dat feroare letter.

Yn 'e twadde helte kamen Harrie Wiebenga en André Semplonius elk mei in goal fanwegen. Dat Snits yn 'e haadklasse bliuwt, is te tankjen oan konkurrint Stevo. Dy ploech ferlear fan AGOVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)