Hearrenfean jout belies tsjin AZ

© Omrop Fryslân
It siet SC Hearrenfean snein net mei tsjin AZ. Oant in kertier foar de ein stiene de Friezen mei 2-0 foar. Nei fiif minuten wie it earst 1-0 wurden troch Lurling en Allbæck hie der yn 'e twadde helte 2-0 fan makke.
Mar troch hands fan De Nooijer rekken de Feansters derôf: AZ'er Huibrechts skoarde fan 11 meter. Dy treffer joech Dibi ynspiraasje ta de gelykmakker.