Gemeenten passe diken oan

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel lûkt 80 tûzen gûne út om de diken oan 'e nije foarrangsregel oan te passen. Sûnt 1 maaie gean ek fytsers fan rjochts foar. Op guon gefaarlike krusings ferget dat in beskermjende maatregel foar fytsers.
Ek de gemeente Dantumadiel sil de strjitten oanpasse oan 'e nije regel. De subsydzje foar de ferbettering is al yn 1999 tekend.