Koart plysjenijs
Tusken Frentsjer en Dronryp is freedtemiddei brân útbrutsen yn in lijnbus. De bus ried oer de Ryksstrjitwei, doe't de ynsittenden in brânlucht rûkten. De bus is stoppe en de minsken binne útstapt. De brânwacht hie in heal oere nedich om de brân te blussen.
Twa minsken út Wildervank binne freed by Driesum mei har auto yn de Trekfeart teloane kaam. In Driesumer hat har rêden.