Klantenûndersyk Sosjale Saken

19 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Hearrenfean lit de tefredenheid fan de klanten fan Sosjale Saken ûndersykje. It ûndersyk wurdt útfierd troch it eksterne buro Radar. Yn oerlis mei de klanteried wurdt in panel fan acht minsken gearstald.

Dit panel stelt de fragen foar it ûndersyk op. Mei mekoar 500 klanten fan de Sosjale Tsjinst fan It Hearrenfean krije dan yn juny in fragelist tasjoerd.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)