Earste peal plysjeburo Dokkum

© Omrop Fryslân
De bou fan it nije plysjeburo fan Dokkum is freed út ein set. Boargemaster Cazemier en korpssjef Wagenaar sloegen de earste peal. Mear as fiif jier sitte de aginten yn bouketen. Troch jildkrapte is nijbou der no earst fan kommen.
De bou fan it buro Dokkum stiet net op himsels. It is in earste oanset ta in ambisjeus bouprogramma. Mear Fryske plakken krije in nij plysjeburo.