Wynfleach kostet frou it libben

18 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De hurde wyn hat tongersdei it libben koste oan in ynwenster fan Damwâld (81). De frou woe de doar dy't tagong joech ta in plat dak tichtdwaan. Troch in wynpûster klapte de doar lykwols hielendal iepen.

De frou hie de doarkruk noch beet en foel fan it platte dak ôf. In buorman seach eefkes letter de doar iepenstean en fûn de frou. Se wie ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)