Reitsma boargemaster Wymbrits

© Omrop Fryslân
It CDA-Twadde-Keamerlid Jacob Reitsma wurdt de nije boargemaster fan Wymbritseradiel. Reitsma is sûnt 1986 lid fan de Twadde Keamer. Dêrfoar siet er yn 'e gemeenteried fan de Noardeastpolder. Yn Fryslân wie er earder fraksjefoarsitter en wethâlder.
Reitsma waard 56 jier ferlyn berne yn Wytmarsum. Hy is yn Wymbrits de opfolger fan Marten Koopmans.