Administraasje fiskhannel frege

16 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Fiskhannelers moatte tenei in administraasje byhâlde fan swietwetterfisk, lykas snoekbears. Dat stelt steatssekretaris Faber fan Fiskerij foar oan de Twadde Keamer.

Streupers kinne troch dy regeling har fongen fisk dreger ferkeapje om't se dan daliks tsjin 'e lampe oan rinne. Faber rekkenet derop dat de hoareka allinnich fisk keapet fan legale beropsfiskers.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)