Koart plysjenijs

15 maaie 2001 - 00:00

In 39-jierrige Dútser is ôfrûne wykein ferwûne rekke by in boatûngelok op De Lemmer. De man soe oanlizze mei syn skip om brêgejild te beteljen. De motor sloech ôf en de man woe foarkomme dat it skip tsjin de brêge oankaam. Hy rekke beknypt tusken brêge en boat.

De plysje fan Ljouwert hat mei de oanhâlding yn april fan fiif jongeren in grut tal stellerijen en ynbraken oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)