Jild motyf by moard Hoekstra's

15 maaie 2001 - 00:00

De moard op it Fryske echtpear Hoekstra yn Portugal is pleegd troch in Frânske muzyklearaar (34) en syn learlinge (24). Se tochten dat it echtpear ryk wie en ûntfierden se. Doe't bliken die dat der net folle te heljen wie, moasten Jan (54) en Yvonne (52) dea.

De plysje joech tiisdei in parsekonferinsje oer de saak. It echtpear is deselde deis nei Fryslân oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)