Dominique wol nei Cambuur
Cambuur en middenfjilder Dominique van Dijk binne it iens wurden oer in oergong nei Ljouwert. De spiler stiet no noch ûnder kontrakt by de club dêr't syn heit Jan trainer is: FC Grins.
Dizze wike moat dúdlik wurde wat de ôfkeapsom is. As Cambuur yn 'e neikompetysje promovearret, wol Grins mear jild sjen. Cambuur spilet no yn 'e earste divyzje.