Biografy oer Anne Wadman

14 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Fan de Fryske skriuwer Anne Wadman komt in biografy. De Fryske Akademy is op syk nei in literatuer-histoarikus dy't him dêr de kommende 4 jier mei dwaande hâlde wol.

Wadman wurdt sjoen as ien fan de wichtichtste Fryske skriuwers fan de 20ste ieu. Hy ferstoar yn 1997. Bekende boeken fan Wadman binne 'De smearlappen' en 'Kûgels foar in labbekak'.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)