Snits wol beskerme stedsgesicht

14 maaie 2001 - 00:00

De Stationsbuurt yn Snits moat de status fan beskerme stedsgesicht krije. Neffens B en W giet it om in bysûnder kultuerhistoarysk gebiet mei in soad monuminten.

De status fan beskerme stedsgesicht makket dat minder maklik feroarings oan de bebouwing trochfierd wurde kinne. Wol komme der mear finansjele mooglikheden foar restauraasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)