Moardners Menamer echtpear pakt

© Omrop Fryslân
Twa Frânsen hawwe de moard op it echtpear Hoekstra út Menaam bekend. Neffens it Algemeen Dagblad fan moandei is ek de camper fan de twa werom fûn.
De camper wie oerspuite en der sieten nije nûmerplaten op. Dat wiist der neffens de Portugeeske plysje op dat it om in organisearre bende giet. It echtpear út Menaam waard ferline wike fermoarde yn in berm yn de Algarve fûn.