Frijwilligers nedich foar soarch

13 maaie 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Stichting frijwilligers terminale soarch siket nije frijwilligers. Om't hieltyd mear minsken yn har eigen fertroude omjouwing stjerre wolle, binne der mear frijwilligers nedich om har te begelieden.

In taak is by de persoanlike fersoarging te helpen. Woansdei 30 maaie is der in ynformaasjejûn foar belangstellenden om 19.30 yn restaurant Ielânen yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)